Skoalbern fine deade pyton
Bern fan de Van Maasdijkskoalle op It Hearrenfean fûnen freedtemoarn in deade pyton fan 50 sentimeter oan de râne fan it skoalplein. De fynst soarge foar de nedige opskuor. It giet nei alle gedachten om in slang dy't ûntsnapt is út in terrarium.
De pyton hat de kjeld net oerlibbe. De biste-ambulânse hat de slang ophelle.