Koetje sjocht skeleton thús

Freed gjin reedriden yn Sotsji. En dat jout romte foar in oare sport: skeleton. Freed binne de manlju oan bar. Op je búk op in slide mei mear as 100 kilometer yn 'e oere oer in baan race. Der binne gjin Nederlânske dielnimmers, mar dat skeelde mar in heale tel. Safolle kaam Snitser Gert Koetje tekoart om mei te dwaan oan de Olympyske Spelen yn Sotsji.
De 24-jierrige Koetje docht no in pear jier oan skeleton. Koetje die dizze winter mei oan it EK en it WK, mar kaam krekt te koart foar de Olympyske Spelen.