Krúsjale wiken SC Cambuur

14 feb 2014 - 13:06
  • SC Cambuur

SC Cambuur stiet foar krúsjale wiken. Dat seit trainer Dwight Lodeweges. Snein spilet Cambuur thús tsjin FC Zwolle; in wike letter stiet de thúswedstriid tsjin Roda JC op it programma. By Cambuur binne der wat twifelgefallen yn de seleksje. Michiel Hemmen hat lêst fan de rêch. Hy kin nei alle gedachten net spylje. Martijn Barto wurdt dan de spits.

Martijn van der Laan (ankel) en Ramon Leeuwin (kût) hawwe ek wat lêst, mar sy sille nei alle gedachten wol spylje kinne. Spits Ogbeche is op it paad werom. Syn herstel leit op skema.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)