Enkête Fryske Gea oer wynmûnen

Alle rom seistûzen leden fan It Fryske Gea meie har miening jaan oer wynenerzjy. Se krije fan de feriening in enkête tastjoerd, dêr't fragen yn stean oer wynmûnen. Sa kin oanjûn wurde wat der moai of ûnsjoch is oan in wynmûne, wêr't om tocht wurde moat by it delsetten fan mûnen en op wat foar plakken se al of net kinne.
De útkomst fan de enkête wurdt brûkt om it belied fan It Fryske Gea oangeande wynenerzjy by de tiid te bringen. Koartlyn hâlde ek de Waadferiening in enkête ûnder syn leden oer wynenerzjy.