Dokkumer oerfallen troch trio

Geweld © Omrop Fryslân
In Dokkumer (22) is tongersdeitenacht yn syn wenplak oerfallen. De man rûn yn it park tusken de Parkleane en Wâldwei, doe't er troch trije manlju oanfallen waard. Dy sloegen him en bedrigen him mei in mes. Se pakten syn mobile telefoan, syn beurs mei jild en pinpassen en syn identiteitskaart ôf. Neidat se har bút hienen, waard it slachtoffer wer slein, wêrby't hy út de tiid rekke. De fertochten naaiden dêrnei út.
De plysje hopet no op tips om har oanhâlde te kinnen. It slachtoffer is sels nei it sikehûs gien, dêr't er behannele waard.