Boete foar asbestflater

14 feb 2014 - 06:37

In bedriuw út Roden moat in boete fan 34.000 euro betelje omdat it yn Oerterp net op de goede manier asbest ferwidere hat. Dat meldt RTV Noord. It asbest kaam oan it ljocht doe't meiwurkers fan it bedriuw ferline jier in stielen plaat fuortsleepten op de NAM-lokaasje yn Oerterp. Dêrby waaide ek asbest in gebou yn. It bedriuw krige in boete fan it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid. De boete waard oanfochten by de bestjoersrjochter, mar dy jout it ministearje no gelyk.

Neffens de rjochter hie it bedriuw better kontrolearje moatten oft der ek asbest op de NAM-lokaasje siet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)