Friezen wachtsje yn Somerset

De frachtweinsjauffers dy't pompen bringe yn it oerstreamde gebiet Somerset yn Ingelân dogge net folle oars as wachtsje. De opbou fan de pompen hie de lêste dagen in soad fertraging troch hurde wyn en pech mei in grutte kraan. Yn in rige stiene de sjauffeurs te wachtsjen om harren fracht ôf te leverjen. Wol in wichtige put want de pompen moatte it wetter út it gebiet fuortpompe.
De measte sjauffeurs duorret it sa stadichoan lang genôch en wolle hast wol wer nei hûs.