Grou: 'Ophâlde mei aaisykjen'

De fûgelwacht fan Grou docht de oprop om op te hâlden mei it aaisykjen. Se wolle sa gau mooglik prate mei de Bûn fan Fryske Fûgelwachten, de provinsje en natoerorganisaasjes om te praten oer it ôfskaffen fan de Fryske tradysje. Neffens de fûgelwacht fan Grou docht it meinimmen fan tûzenen aaien de ljippestân in soad skea. Sy pleitsje der foar om spesjale ljipaaigebieten oan te wizen, dêr't de ljip alle romte yn krijt.
Dêr bûten soe noch wol socht wurde meie, mar allinich om de ljip te beskermjen en net om de aaien mei te nimmen.
It bestjoer fan de fûgelwacht yn Grou praat earst op 24 febrewaris noch mei de eigen leden, mar wol dêrnei ek provinsjaal de diskusje oangean.