Race mei in hânproteze

NHL yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Studinten fan de NHL yn Ljouwert hawwe in kompjûtergame makke dy't it trainen mei in hânproteze leuker meitsje moat. It spultsje hjit 'Race met je prothese' en is der op rjochte om it oefenjen minder ientoanich te meitsjen. It bestjoeren fan in hânproteze freget in soad oefening en mei it dwaan fan in kompjûterspultsje moat it leuker wurde om te oefenjen.
By de game wurdt in auto op in racebaan bestjoerd op deselde wize as in hânproteze oanstjoerd wurdt. Dêrmei leare de brûkers de spieren op in sekure wize te brûken.
De ûntwikkeling is in gearwurking tusken de studinten fan de NHL en it universitêre sikehûs fan Grins.