Utsûnderlike prestaasje Boer

13 feb 2014 - 17:06
  • Margot Boer wint brûns op de1000 meter Sotsji

Margot Boer hat tongersdei yn Sotsji foar in útsûnderlike prestaasje soarge. Sy is nammentlik de earste Nederlânske reedrydster dy't op beide Olympyske sprintôfstannen in medalje helle hat. Tiisdei wûn se brûns op de 500 meter en tongersdei wie der op 'e nij brûns op de 1000 meter.

Oare Nederlânske medaljewinners op de 1000 meter binne Marianne Timmer, Carry Geijssen, Atje Keulen-Deelstra, Annette Gerritsen en Laurine van Riessen, mar sy wûnen noait in medalje op de Olympyske 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)