Oplichtingssaken H'fean oplost

13 feb 2014 - 15:53

Mei de oanhâlding fan in 51-jierrige man út Noordhorn lykje in tal fan oplichtingssaken yn de buert fan It Hearrenfean oplost te wêzen. De man wenne in pear jier lyn yn in doarp yn de gemeente Hearrenfean en wurdt der fan fertocht dat hy meardere minsken oplichten hat.

De man hie in soad hynders en hie dy by oaren yn 'e greide te stean. Hy kocht ek in soad fretten foar de hynders, mar dit alles sûnder der foar te beteljen. De man hie boppedat in bestelauto sûnder jildich kenteken. Der is trije kear oanjefte tsjin him dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)