Lestige kwartfinale foar Knegt

Sjinkie Knegt nei heale finale © ANP
Sjinkie Knegt hat it net troffen mei de lotting foar de kwartfinale fan de Olympyske 1000 meter shorttrack. Knegt waard ynlotte by de grutte favoriten Charles Hamelin út Kanada en de Rus Viktor An. Hamelin is trijefâldich Olympysk kampioen en jildt as grutte titelkandidaat. Hy wûn yn Sotsji al it goud op de 1500 meter. Ek Viktor An is trijefâldich Olympysk kampioen en pakte yn Sotsji al it brûns op de 1500 meter.
De kwartfinale wurdt sneon ferriden en begjint om 11 oere Nederlânske tiid.
Yn de kwartfinale fan de 1000 meter sille fjouwer races riden wurde. De bêste twa shorttrackers fan elke race pleatse har foar de heale finales.