Fragen oer rûnwei De Westereen

De FNP steatefraksje set grutte fraachtekens by de plannen fan de provinsje foar de westlike rûnwei om De Westereen hinne. Neffens de fraksje wurde de plannen by de Westereenders troch de strot treaun. Earder waard der praat oer in oare ûntslutingswei foar it doarp.
Jan Visser fan de FNP tinkt dat de plannen benammen te krijen ha mei de Sintrale As. Visser hat dêrom oan deputearre Sietske Poepjes fragen stelt om ien en oar te ferklearjen.