Reparaasje akwadukt yn Wâldwei
It akwadukt Langdiel yn de Wâldwei moat op 'e nij reparearre wurde. It beton boppe op de pylder oan de noardside wurdt wersteld. De wurksumheden binne it gefolch fan sleauwe flaters dy't by de bou, in pear jier ferlyn, oer de holle sjoen binne.
Om foar te kommen dat der yn de takomst gefaarlike situaasjes ûnsteane, wurdt it probleem no oplost. Ferline jier waard der ek al oan it akwadukt wurke, doe oan de súdside. Om by it beton te kommen, wurdt de bak fan it akwadukt 4 milimeter optild. Al mei al duorje de wurksumheden oant ein juny.