Warskôging foar swiere stoarm

13 feb 2014 - 14:01

Piet Paulusma warskôget foar swiere stoarm yn it westlik Waadgebiet, yn de nacht fan freed op sneon. Ek sneon oerdei stiet der noch in soad wyn. It giet om in súdwesterstoarm, mei in wynkrêft tsien. Mooglik binne der útsjitters nei wynkrêft alve of tolve.

Mear it lân yn stiet in hurde oant stoarmige wyn, ek mei útsjitters. Piet Paulusma warskôget dat der opnij skea ûntstean kin, lykas by de stoarm yn desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)