Goutumer fêst foar wapenbesit

13 feb 2014 - 13:08
  • (stockfoto)

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei op de Aldlânsdyk yn Ljouwert in wapen yn beslach naam. It wapen wie fan in 21-jierrige man út Goutum. Doe't de scooter fan de man kontrolearre waard, fûn de plysje it wapen.

It giet om in saneamde Airsoft Gun, it besit dêrfan is ferbean. It wapen is yn beslach naam. De Goutumer hat in proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)