NVWA: 'Gjin ynfloed earmerken'

Der is gjin ferbân tusken de earmerkkwestje en de beslachlizzing op it fee fan boer Thom de Groot út Goattum. Dat seit Benno Bruggink fan de NVWA. De NVWA naam if fee fan De Groot tiisdei yn beslach om't it ferwaarleaze en smoarch wêze soe. Mar neffens De Groot en syn feedokter is it fee sûn.
Yn Fryslân binne fjouwer boeren, wêrûnder De Groot, dy't wegerje om earmerken by de kij yn te dwaan. Sy moatte fan keallen in hiermeunster opstjoere. De NVWA hat al dizze boeren ferbean om fee te ferfieren, om't de meunsters te let opstjoerd wienen.
De boeren fine dat der in hetse tsjin harren fierd wurdt.