Sjinkie fierder op de 1000 m

13 feb 2014 - 11:41
  • Sjinkie Knegt en de Kanadees Olivier Jean gean sawat tagelyk oer de finish

Sjinkie Knegt hat de searjes fan de 1000 meter shorttrack oerlibbe. Op it Olympyske toernoai yn Sotsji waard er yn de twadde searje twadde en dat wie foldwaande. De Bantegeaster wie dúdlik better op dreef as ôfrûne moandei op de 1500 meter. Fan de acht searjes mei fjouwer riders gean de earste twa fan eltse searje oer nei de kwartfinale. Mei de Kanadees Olivier Jean wie Knegt oppermachtich. Beide manlju kamen sawat tagelyk oer de einstreek.

Sneon krijt de 1000 meter in ferfolch, mei by eintsjebeslút de finale.

Niels Kerstholt en Freek van der Wart waarden beide útskeakele yn de searjes fan de 1000 meter. Dy twa komme fan 'e middei mei Sjinkie Knegt wer yn aksje mei de Nederlânske ploech op de ôflossiing. Yn dy ploech sit ek Daan Breeuwsma fan Aldeboarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)