Skjinmakster mei fan minister

13 feb 2014 - 11:20

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens jout gjin oardiel oer it oanbieden fan in fergese skjinmakster troch soarchfersekerder De Friesland. Keamerleden fan de SP hienen fragen steld oer de aksje fan de soarchfersekerder. Dy biedt studinten dy't in fersekering nimme foar op syn meast trije oeren in skjinmakster oan.

Minister Schippers fynt dat it oan soarchfersekerders sels is om te bepalen hoe't se klanten werve wolle. Sy hat dêr gjin foech oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)