Soad bean op Megahome kavels

Fallisemint © Omrop Fryslân
By in online feiling fan DTZ Zadelhoff is woansdeitejûn op 70 boukavels en fjouwer wennings yn Fryslân bean. De kavels en wennings steane yn Burgum, Kollum, Sint Jabik en Menaam en binne eigendom fan it fallite Megahome.
Xander Lausberg fan DTZ Zadelhoff wol neat kwyt oer de bedragen dy't bean binne. Wol seit Lausberg dat der ek Fryske partijen binne dy't bean ha. De bank moat no binnen ien wike beslisse oft sy akkoart giet mei in bod.