Feanster koperdief oanholden

Plysjesel © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei in 33-jierrige man fan It Hearrenfean oanholden op fertinking fan koperstellerij. Tsjûgen seagen de man fytsen op de Melchior de Grotestrjitte. Doe't se de man tsjinkamen, liet er in sporttas falle en naaide er út. De tas siet fol mei stikken koper. De plysje waard warskôge en hold fan ôfstân de tas yn 'e gaten. Nei in skoftke tiid kaam de dief werom en koe er oanholden wurde.
De Feanster is in bekende fan de plysje en sit noch fêst op it buro. De plysje ûndersiket wêr't it koper wei komt.