Blog: Marrit, fan beskieden famke nei pittige tante

13 feb 2014 - 10:51

It wie febrewaris 2007. Ik wurke noch net sa lang by de Omrop en mocht ien fan myn earste tillevyzje-reportaazjes meitsje. Ik gong nei de Vechtsebanen yn Utrecht foar it Nederlânsk kampioenskip reedriden foar junioaren. Ik wit noch dat it hiel kâld wie.

Ik folge twa Friezen: Sjoerd de Vries en Marrit Leenstra. De Vries waard mei oermacht Nederlânsk kampioen foar Koen Verweij. Leenstra waard fjirde efter kampioene Laurine van Riessen, Natasja Bruintjes en Ingeborg Kroon.
Fan al dizze nammen is allinnich Van Riessen op de Spelen. En Leenstra dus. Kroon (no de freondinne fan Jan Smeekens) is sels al opholden. It kin somtiden frjemd gean. Ik kin my foaral noch herinnerje dat ik Marrit belle en se hiel senuweftich wie. It NK wie al spannend genôch en no kaam der ek nochris in kamera op har te stean. Ik wie ek nerveus, want ik woe my wol bewize as ferslachjouwer.

In jier letter makke Leenstra flinke stappen. Se pleatste har ferrassend foar it EK en WK allround. It WK yn Berlyn waard foar my de earste bûtenlânske trip. In machtige stêd mei in moai toernoai. Sven Kramer waard foar de twadde kear wrâldkampioen, Marrit Leenstra waard tolfde. Op de 5000 meter gong se hielendal kapot. Triennen streamden as in wetterfal út har eagen. Ik hie mei har te dwaan. In pear wiken letter waard se wrâldkampioen junioaren. Ik mocht har opfange op Schiphol. Se hie safolle koffers by har, dat wy wat spullen foar har meinamen nei Wikel. Dêr stie in huldiging foar har pland. Ik sjoch har noch strielen njonken har grutske âlden.

It gong dêrnei op en del. By TVM fûn se har plak net en se keart werom by de coach dy't har grut makke by Jong Oranje, Jan van Veen. Se krijt stapke foar stapke har foarm werom. Se wurdt Nederlânsk kampioen sprint en wint it NK allround, pakt in wrâldbeker op de 1500 meter en wurdt wrâldkampioen mei de efterfolgingsploech.
No docht se mei oan de Olympyske Spelen. Har dream. Mar har echte dream is in medalje winne. It kin hjoed op de 1000 meter, al wurdt it mei al dy konkurrinten in hiele opdracht. Op de 1500 meter hat se noch in kâns en de grutste kâns hat se mei de efterfolgingsploech. Marrit is op de Spelen en ik mei der by wêze. Sa ha je toch stikem sa je favoriten. Marrit is der ientsje fan.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer it Holland Heineken House of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Trefwurden: 
argyf Olympyske Spelen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)