PvdA wol Fryske Museumnacht

Fries Museum
De steatefraksje fan de PvdA wol dat der in Fryske Museumnacht komt. Yn neifolging fan de musea yn Amsterdam soene dan ek Fryske musea har doarren in jûn en diel fan de nacht iepen dwaan moatte. It nije Fries Museum yn Ljouwert soe dêrby in wichtige rol krije moatte.
De PvdA hat it kolleezje fan Deputearre Steaten frege om te ûndersykjen wat in Fryske Museumnacht kostet en oft eksterne partijen dêr oan meibetelje wolle.