NDC: Webside bringt betizing

13 feb 2014 - 10:22

De facebookpagina Su het ut Weest soarget foar betizing ûnder de ynwenners fan Snits en moat dêrom syn namme feroarje. Dat fynt de Noordelijke Dagblad Combinatie. Snitsers keppelje de webside oan de kranterubryk yn it Sneeker Nieuwsblad mei deselde namme. Troch de betizing kriget de kranteredaksje in soad fragen fan lêzers.

Redaksjekoördinator Froukje Nijholt frege inisjatyfnimmer Peter van Egmond woansdei de namme oan te passen. Fuort nei it petear waard de namme feroare yn 'Su was het', mar letter wer oanpast nei Su het ut Weest.

De NDC beriedt him noch op eventuele ferfolchstappen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)