Van Heck: tongersdei pompe

Pompebedriuw Van Heck fan Noardwâlde hopet tongersdei de pompen oan te sluten dy't it bedriuw yn Ingelân stean hat. It giet om tweintich pompen, dêr't it bedriuw mei besiket de wetteroerlêst yn it lân te liif te gean. Troch de hurde wyn slagge it woansdei net om buizen oan de pompen te montearjen, de kraan dy't dêr foar nedich is koe net yn aksje komme. Mei de buizen moat it wetter ôffierd wurde. De pompen dogge dat mei 1900 liter per sekonde.