Sotsji, dei 7: shorttrack

Twa sporten steane der hjoed op it programma: shorttrack en reedriden. Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea krijt de kâns om revâns te nimmen foar syn mislearre 1500 meter. Fan 11.30 oere ôf ride de manlju de 1000 meter. Knegt sil hjoed earst besykje om op dy ôfstân de kwartfinale te berikken, hy moat yn de twadde searje. De kwartfinale, heale finale en finale wurde sneon ferriden.
Krekt letter, om 12.30 oere, moat Sjinkie Knegt wer oan 'e bak op de 5000 meter ôflossing. Dan komt ek Daan Breeuwsma út Aldeboarn foar it earst yn aksje yn Sotsji. Mei de Nederlânske ôflossingsploech geane de twa Friezen op jacht nei in plak yn de finale. Dy finale is pas nije wike freed.
As lêste komme de reedrydfroulju yn aksje op de 1000 meter. Ireen Wüst, Margot Boer en Marrit Leenstra stride foar de Nederlânske eare. Yn Vancouver einige Boer op it sechsde plak en Wüst op it achtste. Dy wedstriid begjint om 15.00 oere.
Moarn komme der hielendal gjin Nederlanners yn aksje.