LDODK ferliest fan Blau Wyt

12 feb 2014 - 22:08

De kuorballers fan LDODK koene it yn Amsterdam net oprêde tsjin Blau Wyt. De thúsploech wûn de wedstriid yn de kuorbal league mei 35-29. Blau Wyt naam yn it lêst fan de earste helte ôfstân fan LDODK. Nei 12-12 wie it healweis 18-14. Dy marzje koe frij maklik fêstholden wurde.

By LDODK spile Berber Buis op it plak fan de blessearre Geertje Hoekstra. Alle spilers en spylsters fan LDODK fûnen de koer. André en Erwin Zwart makken beide seis, Markus de Boer fiif en Menno Russchen fjouwer. De oare acht goals kamen út frouljushannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)