Miedema skoart wer by Oranje

12 feb 2014 - 21:14

It Nederlânsk frouljusfuotbalalvetal mei de Friezinnen Sherida Spitse en Loes Geurts en SC Hearrenfean-topscorer Vivianne Miedema hat woansdeitejûn yn de kwalifikaasjewedstriid foar it WK yn Kanada mei 1-1 lykspile tsjin België. Yn Zwolle iepene Vivianne Miedema yn de twadde helte de skoare. In kertier foar it einsinjaal foel lykwols de Belgyske lykmakker.

Troch it lykspul geane Nederlân en België noch altyd tegearre oan kop yn de groep mei 10 punten út fiif wedstriden. Noarwegen folget op ien punt, mar hat twa wedstriden minder spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)