De Lemmer komt mei WolKomPas

12 feb 2014 - 19:39
  • De Lemmer

Toeristen dy't dit jier De Lemmer oandogge krije in hiel hertlik wolkom. Se kinne mei de WolkomPas gebrûk meitsje fan ferskate arranzjeminten en aksjes by winkels, musea en rekreative ûndernimmers. De pas is te keap by dielnimmende hotels, kempings en VVV-kantoaren. De pas kin ek online besteld wurde.

De gemeente de Fryske Marren stipet it inisjatyf mei in finansjele bydrage.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)