Wüst yn rit 17 oan de start

Ireen Wüst yn Sotsji © ANP
Ireen Wüst stiet tongersdeitemiddei yn rit 17 oan de start by de Olympyske 1000 meter yn Sotsji. De winneres fan de 3 kilometer nimt it op tsjin de Amerikaanse Brittany Bowe. Margot Boer, dy't tiisdei al it brûns pakte op de 500 meter, komt in rit earder yn aksje tsjin de Russise Olga Fatkulina.
Marrit Leenstra fan Wikel stiet yn rit 14 oan de start en sil ride tsjin Yekaterina Aydova út Kazachstan. Lotte van Beek slút de 1000 meter ôf yn de lêste rit tsjin de Súd-Koreaanse Sang Hwa Lee.