NVWA blokkearret bioboeren

12 feb 2014 - 17:32

Seis biologyske boeren út it noarden fan Nederlân binne blokkearre troch de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit. Dêr binne yn alle gefallen ek twa Fryske bedriuwen by belutsen. De reden soe wêze dat de hiermeunsters dy't de bedriuwen ynstjoere moatte fan keallen net op 'e tiid ynlevere binne. Mar neffens de boeren is der sprake fan in heksejacht en hat it allinnich mar te krijen mei it feit dat se gjin earmerken by de kij ynbringe wolle. Ien fan de blokkearre boeren is Hindrik van der Meer yn Terherne.

De NVWA lit witte dat salang't de boeren har net oan de regels hâlde, se blokkearre bliuwe. De blokkearring betsjut dat de boeren har fee net ôffiere meie.

Tiisdei waard by biologyske boer Thom de Groot fan Goattum it fee troch de NVWA yn beslach naam. Dat soe wêze om't er syn fee net goed fersoarge hawwe soe. Neffens de feedokter wienen de bisten lykwols yn goede sûnens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)