Friezen oan it wurk yn Sotsji

Fryske sporters kamen woansdei net yn aksje op de Olympyske Spelen yn Sotsji. Mar dochs binne der alle dagen ferskate Friezen achter de skermen oan it wurk yn Ruslân. Lykas Piter Veenstra fan Jirnsum. Hy wurket foar Radio 2 en foar de KRO/NCRV.
Alle dagen is Veenstra drok by it Holland Heineken House om moaie Olympyske ferhalen foar de radio op te nimmen. It stadion yn slagget net. Want ek al hat er twa parsepassen om de nekke hingjen, de goeie parsekaart om yn de katakomben fan de stadions te kommen sit der net by.
Ferslachjouwer Roelof de Vries lit sjen hoe't Veenstra syn wurk sa goed mooglik besiket te dwaan mei de strange befeiliging dy't oer syn skouder meisjocht.