Boot Holland: 37.000 besikers

12 feb 2014 - 16:54

Boot Holland hat goed 37.000 besikers lutsen en sjocht dêrmei in lytse stigende line yn fergeliking mei ferline jier doe't sa'n 36.000 minsken nei de boatebeurs kamen. De organisaasje hie graach 45.000 besikers nei it WTC Expo yn Ljouwert lûke wolle, mar dochs is beursmanager Pieter Fokkema tige te sprekken oer dit resultaat.

Neffens Fokkema is dit jier mear ferkocht, benammen ûnder de lytse boatsjes. Ek is Boot Holland in stik ynternasjonaler wurden mei gasten út Ingelân en Switserlân.

Trefwurden: 
Ljouwert beurs Boot Holland
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)