Bernedirekteur yn Fries Museum

12 feb 2014 - 16:41
  • Bernedirekteur yn Fries Museum

It Fries Museum hat twa direkteuren. De 11-jierrige Kees Tromp út de Ljouwerter wyk Suderbuorren is beneamd ta bernedirekteur en wurdt dêrmei de rjochterhân fan direkteur Saskia Bak. Tromp is sljocht fan skiednis en sil it kommende jier meitinke oer hoe't it museum leuker wurde kin foar bern. Dêrneist testet er programma's mei syn klasse en jout er rûnliedings.

De jonge direkteur bliuwt yn earste ynstânsje foar in jier oan. Oft er dêrnei bliuwt of dat in nije bernedirekteur beneamd wurdt, is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)