Noed oer leechstân

12 feb 2014 - 16:24

De yngreep fan de Rabobank Ljouwert-Noardwest Fryslân komt hurd oan yn de plakken dêr't de filialen ferdwine. It ferdwinen fan kantoaren leveret gatten op yn it winkelbestân. Yn Harns ferdwynt de fêstiging en dêr steane ek hieltyd mear winkels leech yn de Foarstrjitte, it winkelgebiet fan de stêd. No driget dêr ek nochris de biblioteek te ferdwinen. Sa fier moat it net komme, sizze de ûndernimmers.

Yn Frjentsjer ferdwynt de Rabobank út it sintrum. Dêr wolle se sjen oft se oars ynfolling jaan kinne oan leechsteande bedriuwsgebouwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)