Skriezen ûnderweis folgje

12 feb 2014 - 15:53

Wittenskippers út Súd-Spanje folgje opnij skriezen mei in stjoerder om de trek nei Noard-Nederlân te folgjen. Yn 2013 krigen fyftjin skriezen in stjoerder dit kear binne dat der alve. Doel fan it ûndersyk is om mear te witten te kommen oer de rûtes en de oerwinteringsplakken. De resultaten wurde brûkt om dizze oerwinteringsplakken te beskermjen om sa de populaasje yn stân te hâlden. Op de webside fan Kening fan 'e Greide kinne nijsgjirrige greidefûgelleafhawwers de reis nei Fryslân folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)