'Nije wet min foar skoallen'

© Omrop Fryslân
De nije wet dy't in ein meitsje moat oan it grutte tal tydlike kontrakten yn it ûnderwiis, kin hiel negatyf útpakke foar de basisskoallen. Dat fynt it CBO, de organisaasje fan kristlik basisûnderwiis yn Fryslân. Neffens it nije wetsfoarstel moat in wurkjouwer nei trije tydlike kontrakten in wurknimmer fêst yn tsjinst nimme. Mar basisskoallen ha geregeld ynfallers foar de klasse te stean, soms mar foar ien of twa dagen. Der is gjin finansjele romte om dy ynfallers fêst yn tsjinst te nimmen.
As de nije wet werklikheid wurdt, sil dat ek grutte finansjele gefolgen foar de skoallen hawwe. De Twadde Keamer moat noch oer it foarstel prate.