Restauraasje skipke net klear

12 feb 2014 - 12:20
  • Model fan it âldste boatsje

De âldste boat fan Fryslân is net op 'e tiid klear foar de spesjale eksposysje yn it Frysk Skipfeartmuseum yn Snits. De bedoeling wie dat it skipke der freed wêze soe, mar de restauraasje duorret langer as tocht. De âldste boat fan Fryslân is yn 2005 fûn by Turns en is hast 840 jier âld. It skip is konservearre yn Lelystêd. Dit duorre langer, omdat oare skippen foarrang krigen. Yn de tuskentiid is it skip hieltyd wiet hâlden en ferline jier is begûn mei de echte behanneling.

Dêrnei foel it ôf dat de planken net stevich wiene, mar oantaaste wiene troch ûngedierte. Dêrom moast in spesjale stellaazje makke wurde om it skip te restaurearjen. It museum hopet dat it skip oer in pear wike syn promininte plak yn de ekspoysje ynnimme kin. De útstalling wurdt freed wol iepene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)