Beswier stoomlieding ôfwiisd

12 feb 2014 - 11:35

De beswieren tsjin de stoomlieding fan de ôffaloven yn Harns nei it sâltfabryk Frisia binne troch de Ried fan Steat ôfwiisd. De Stichting Afvaloven Nee hie beswier makke tsjin de stoomlieding. Dizze soe de feiligens fan de wetterkearing yn gefaar bringe, der soe gjin ûndersyk dien wêze nei in alternative lokaasje en de stoomlieding is net fan grut maatskiplik belang. Ut ûndersyk docht bliken dat de lieding gjin gefaar opsmyt foar de wetterkearing seit de Ried. Ek de oare beswieren fan de Stichting Afvaloven Nee folget de Ried net.

De stoomlieding rint ûnder de seedyk del yn Harns en is al yn 2010 oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)