Jacobi: 'Ein heksejacht boer'

12 feb 2014 - 11:20

Twadde Keamerlid Lutz Jacobi is poerlilk oer it yn beslach nimmen fan de 18 kij fan bioboer Thom de Groot fan Goattum by Grou. Neffens Jacobi is sprake fan in heksejacht op de boer, dy't wegeret earmerken oan te bringen by syn kij. Se fynt dat de Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit no echt ophâlde moat mei it achternei jeien fan de boer. Se hat it ferhaal al dellein by steatssiktaris Dijksma fan Lânbou.

De kij fan De Groot binne tiisdei meinaam om't de omstannichheden fan de bisten net hygiënysk wêze soene.

Feedokter Wiersma, dy't de bisten sjoen hat, hat ferklearre dat de bisten sûn binne en it yn beslach nimmen perfoarst net nedich wie.

Lês hjir de ferklearring fan feedokter Wiersma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)