Blog: HHH

12 feb 2014 - 09:21
  • De huldiging fan Sven Kramer en Jorrit Bergsma yn it Holland Heineken House

Op it momint fan skriuwen sit ik yn it Holland Heineken House. Yn de folksmûle: HHH. Of better: HaHaHa.

It HHH is net myn plak. Ja, yn de parseromte is it prima wurkjen en gesellich keuvelje mei kollega's. Mar sadree't ik yn de grutte romte kom, wêr't ek de huldiging is, dan heakje ik ôf. It probleem is dat hjir hast allinnich mar bobo's komme. Net allegear hear, mar wol in soad. Moast wol jild ha. Foar de gewoane burger is it hast net te beteljen. De reis, in hotelkeamer, kaartsjes en de yntree foar it HHH. Komt foar twa nachtsjes toch al gau op 1500 euro en dat is foar twa nachten in soad jild. Dus bin hjir in soad sponsors of minsken op útnoeging fan dy sponsors. Minsken mei in ierappel yn de kiel.

Goed wurkjen is it hjir wol. Der komme noch wolris wat minsken del, dy't nijsgjirrich binne om te ynterviewen. Foar de Omrop net altyd nijsgjirrich, mar BNR, ferskate kranten, sponsoaren-tillevyzje, Radio 1 en 2 produsearje der hjir op los.

Djiptepunt wie toch wol doe't Jorrit Bergsma op it poadium kaam. Bergsma pakte brûns op de 5000 meter en is dêr best wol teloarsteld oer. Dat liet hy ek sjen. Mar yn de eagen fan dy bobo's moatte je blykber bliid wêze mei eltse medalje. Doe't Bergsma oanjoech bliid te wêzen mei in medalje, mar toch wol op mear hope hie, kaam der boe-gerop út de seal. Doe wist ik, dit is net myn publyk.

Lês hjir it foarige blogberjocht oer myn helden of gean werom nei de haadside fan ús blog.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)