Gebouwen Rottumereach fuort

Rottumereach doe't de gebouwen der noch stiene © RTV Noord
Steatsboskbehear wol it ferneamde fûgelwachtershûske op Rottumereach fuorthelje. De stoarm yn desimber hat stikken fan it eilân fuortslein. De gebouwen, mei ûnder oare it fûgelwachtershûske, steane hast yn see en binne net mear te rêden. Steatsboskbehear is fan doel om moandei fan start te gean mei de sloop. Mar it is noch mar de fraach of dat ek slagget.
Se binne ôfhinklik fan it tij, it ekstreme waar op it eilân en se ha te krijen mei de heechste natuerbeskermingswetten fan Nederlân dy't dêr jilde.