'Mear toeristen nei de Wâlden'

12 feb 2014 - 06:50

De Fryske Wâlden moatte mear bekenheid krije bij de Nederlânske toerist. Regionale ûndernimmers sille dêrfoar mear gearwurkje moatte om har mei nije inisjativen yn de etalaazje te setten. De presintaasje fan nije streekprodukten sil dêrbij in wichtich spearpunt wêze. Om mear toeristen nei Súdeast-Fryslân te krijen, sille njonken de fytspaderûtes dy't ôfrûne jier oanlein binne, takom jier ek nije kuierpaden realisearre wurde. Ferskate besteande paden wurde opknapt.

De plannen en projekten wurde woansdei presintearre op in sympoasium.

Neffens wethâlder Ties Zweers fan Smellingerlân sille de fyts- en kuierpaden ek mear troch de doarpen sels laat wurde, Drachten krijt yn dat netwerk in sintrale knooppuntfunksje. It giet om in ynvestearring fan mear as 400.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)