Trije ton foar Huismanmuseum

11 feb 2014 - 21:45

It Jopie Huisman Museum yn Warkum krijt trije ton fan de BankGiro Loterij. Dat is tiisdeitejûn bekend makke op it Goed Geld Gala fan de organisaasje yn Amsterdam. It museum sil it jild brûke om lesprogramma's op te setten, it kafee op te knappen en om in moaie filmseal te realisearjen. Ek moat mei de bydrage in breder publyk nei it museum lutsen wurde.

It tal besikers soe dêrtroch tanimme moatte oant op syn minst 55.000 it jier. It museum seit yn in reaksje tige wiis te wêzen mei it jild.

'Villa Vijversburg', yn it bosk fan Ypey, yn Tytsjerk krijt 250.000 euro foar de útwreiding en de restauraasje fan de filla en it park. Dat kostet mei mekoar 6 miljoen euro. Der wie noch in tekoart fan in heal miljoen op de begrutting. Mei de 250.000 euro is de helte dus fan it tekoart ôf. De útwreiding en restauraasje moat oan de ein fan dit jier ôfrûn wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)