De Groot begjint proseduere

Biologysk boer Thom de Groot fan Goattum begjint in proseduere om syn kij werom te krijen. De Nederlandse Voedsel en Warenauthoriteit helle de achttjin bisten tiisdei fuort, omdat it fynt dat De Groot der net goed foar soarget. Neffens de NVWA binne de bisten te meager. De Groot is it mei dy konklúzje net iens en fielt him dêrby sterke troch syn bistedokter. Dy stjoerde tiisdei noch in ferklearring nei de NVWA dat de kij der goed út seagen.