NVWA hellet kij op by De Groot

De NVWA hat tiisdei 18 kij ophelle by biologysk greidboer Thom de Groot fan Goattum. Neffens de NVWA soe De Groot net goed foar de bisten soargje. Yn desimber waard om dy reden ek al in tal skiep en kij meinaam. De Groot bestriidt dat er net goed foar syn fee soarget. Neffens him fynt ek de bistedokter dat se yn goeie kondysje binne.
Wol jout er ta dat it smoarch is yn syn stâl, mar dat komt neffens him omdat de apparatuer om de stâl skjin te meitsjen stikken is.
Earder op de dei woe de NVWA it fee ek al fuorthelje, mar De Groot blokkearre doe de dyk nei de pleats mei in trekker. Dy hat er letter sels fuorthelle, omdat er oars de kosten fan it ferwiderjen betelje moatten hie.