Brân yn hûs Begoniastrjitte

© Foto Anton Kappers
Der hat yn de nacht fan sneon op snein brân west yn in hûs oan de Begoniastrjitte yn Ljouwert. De brân is nei alle gedachten oanstutsen, mooglik troch ien dy't ynbrutsen hie yn it hûs, tinkt de plysje. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
Der wie net ien yn 'e hûs. Wol waarden der in pear slangen fûn. Dy binne troch de diere-ambulânse ophelle.