Hadders wint Hollands Venetië

12 feb 2012 - 12:29

Rob Hadders hat sneintemoarn de Hollands Venetiëtocht wûn. De klassiker oer 58 kilometer by Giethoorn waard foar it lêst riden yn 1996. Doe wûn Erik Hulzebosch.

Hadders wie yn de massaspurt de rapste en fersloech dêrby Arjan Stroetinga, it sprintkanon út Waskemar, dy't as tredde oer de streek gie. Gary Hekman fan Gramsbergen waard twadde. Hadders wie earder dizze wike ek de rapste yn de Ronde fan Skarsterlân en yn de Ronde fan Duurswold.

By de froulju gong de winst nei Jolanda Langeland út Bedum, foar Carla Zielman fan Rottum en Mariska Huisman út West-Graftdijk. Elma de Vries waard sechsde, Wieteke Cramer sânde en Rixt Meijer achtste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)