Ekstra gipsmasters MCL

By sikehûs MCL yn Ljouwert ha sneon trije ekstra gipsmasters oan it wurk west om alle minsken dy't ferwûne rekke wiene op it iis te helpen. Mei-inoar melden har sa'n 100 minsken by de spoedeaskjende help. De measten hiene stikkene polsen. Mar der wiene ek minsken mei in harsenskodding of ferwûnings oan it skouder. Oan de ein fan de middei waard der yn dûbele besetting wurke.
Personiel fan wa't de tsjinst der opsiet, is langer bleaun om de drokte oan te kinnen. It MCL hat yn ien wike tiid dik 360 iisslachtoffers holpen.