Konfoaifeart op de Iselmar

12 feb 2012 - 10:14

Der wurdt fan snein ôf yn konfoai fearn op de Iselmar, fan De Lemmer nei Amsterdam. Dat hat Rykswettersteat besletten. De konfoaifeart is needsaaklik wurden fanwege it iis yn de Iselmar. By in konfoaifeart farre skippen ûnder begelieding fan twa of mear iisbrekkers. Der wurdt sa fearn op de farwei De Lemmer-Lelystêd en Lelystêd-Amsterdam en wer werom.

Rykswettersteat nimt ek op oare plakken maatregels om de farwegen begeanber te hâlden. Op in tal farwegen wurde iisbrekkers ynset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)